Wer romme oerwinning foar UNIS Flyers

Marco Postma fan de UNIS Flyers © awfoto.nl
De iishockeyers fan de UNIS Flyers pakten sneintejûn op 'e nij in romme oerwinning. Yn Geleen wûn de ploech fan coach Chris Eimers mei 9-2 fan LACO Eaters Limburg. Nei de earste perioade stie der al in komfortabele 4-0 foarsprong foar de Feansters op it boerd.
Dy stân waard yn de twadde perioade útwreide oant 6-1. Yn de lêste perioade soargen treffers fan Brandon Greenside, Marcel Kars en Mitch Bruijsten foar de romme einoerwinning. Yn de slotsekonden sette Geleen de twadde earetreffer op it boerd.