Arjan Stroetinga pakt tredde titel op NK massastart

Arjan Stroetinga © awfoto.nl
Maratonrider Arjan Stroetinga skreau snein de tredde edysje fan de NK massastart op syn namme. Nei twa kear earder wûn te hawwen op it iis fan It Hearrenfean wie Stroetinga dit kear de bêste op it iis fan Kardinge yn Grins.
De rider fan team Clafis wie de rapste op de einsprint, neidat er troch ploechgenoat Jorrit Bergsma perfekt nei foaren brocht wie. It twadde plak wie foar Evert Hoolwerf. Ingmar Berga waard tredde. It NK massastart waard ferriden nei ôfrin fan it NK sprint.