Soer ferlies foar LDODK tsjin Koog Zaandijk

18 jan 2015 - 17:39

De kuorballers fan LDODK ferlearen snein mei 24-25 fan Koog Zaandijk. Yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk gong de striid yn de earste helte lang lykop. By in stân fan 7-7 rûnen de gasten út Koog aan de Zaan lykwols út nei in 8-10 rêststân.

Nei rêst rûn KZ út nei 13-17 en like de wedstriid spile, mar doe begûn de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool oan in geweldige ynhelrace. By in stân fan 23-24 yn de slotminút wie de spanning om te snijen. Yn de lêste minút makke LDODK de lykmakker, mar yn de slotsekonden pakte KZ dochs noch de winst.

SCO wûn in klasse leger mei 28-24 fan NIC út Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)