Snitser Filmwinter groeit troch nei 2500 besikers

18 jan 2015 - 16:01

De Snitser Filmwinter hat op 'e nij in flinke groei trochmakke yn it oantal besikers. Der kamen dit wykein hast 2500 besikers op de ferskate films ôf. Ferline jier wiene dat noch sa'n 2200. Hûndert fan dy kaarten geane al trije jier nei de Protestânske Tsjerke yn Snits. In suksesfolle gearwurking, dy't Filmwinter en tsjerke goed foldocht.

It inisjatyf kin noch altyd op in soad entûsjasme rekenje kin by tsjerkegongers en dûmny Jan Willem Nieboer. De film Philomena fan Frears slút goed oan by tema's dy't de dûmny yn tsjerke behannelet.

Trefwurden: 
besikers filmwinter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)