Oenema fersteviget lieding yn klassemint by NK sprint

18 jan 2015 - 14:23

Thijsje Oenema pakte sneintemiddei de winst op de twadde 500 meter by it NK sprint yn Grins. Snein klokte de rydster fan De Jouwer in winnende tiid fan 38.78. Dat wie eksakt de selde tiid wêrmei't se sneon ek al de winst pakte op de 500 meter. Oenema is dêrmei wis fan in startplak op de WK ôfstannen heal febrewaris yn Thialf.

It sulver op de twadde 500 meter wie foar Margot Boer mei 39.10, it brûns gong nei Laurine van Riessen (39.14). Ek Boer hat in startplak foar de 500 op it WK ôfstannen, lykas Floor van den Brandt.

Yn it klassemint hat Oenema nei trije ôfstannen in foarsprong fan goed oardel sekonde op de nûmer twa Boer. Van Riessen stiet op it tredde plak, folge troch Marrit Leenstra. Leenstra einige op de twadde 500 meter as tsiende mei 39.70.

Sneontemiddei stiet de ôfslutende twadde 1000 meter noch op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)