Oerterper krijt fûstslach yn Grins

18 jan 2015 - 12:33

By slaanderij yn it sintrum fan Grins is ôfrûne nacht in man fan 21 jier út Oerterp ferwûne rekke. In 30-jierrige Grinzer gie yn de Easterstrjitte troch it lint en sloech om him hinne. De man út Oerterp woe him tsjinhâlde en krige doe fan de Grinzer in fûstslach tsjin de holle. Njonken de Oerterper krige ek in plysjeman klappen fan de Grinzer.

Op de Grutte Merk is de fertochte lang om let oppakt troch ferskate plysjes. Op it plysjeburo bedrige de fertochte in plysjeman (30) mei de dea. De Oerterper en de plysjeman dogge oanjefte.

Trefwurden: 
mishanneling Grins klappen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)