Ljouwerter bedriget meiwurker busbedriuw mei de dea

Oanhâlding © ANP
In 26-jierrige Ljouwerter hat sneontenacht in meiwurker fan in busmaatskippij mei de dea bedrige. It 52-jierrige slachtoffer fûn de situaasje sa bedriigjend, dat er de plysje warskôge. Dy seach de fertochte yn it sintrum fan Ljouwert rinnen en hold him oan yn de Nieuwesteeg.
Op it plysjeburo woe de man net meiwurkje. De plysje ûndersiket de bedriging.