SC Cambuur pakt punt by ADO Den Haag

Cambuur hat sneontejûn in punt pakt tsjin ADO Den Haach. De Ljouwerters begûnen stiemin oan de wedstriid. Binnen 30 sekonden skoarde Mike van Duinen de 1-0 foar de thúsploech. Cambuur hie lang wurk om de klap te ferwurkjen, mar yn de 36e minút skoarde Bartholomew Ogbeche út it neat de 1-1. Twa minuten letter wie it al wer 2-1 troch in goal fan Roland Alberg.
De twadde helte wie fan Cambuurkant folle better. De beleanning kaam yn de 78e minút mei de lykmakker fan opnij Ogbeche, syn tsiende fan it seizoen. Cambuur bliuwt sânde mei 27 punten.