ONS hurd ûnderút tsjin koprinner Kozakken Boys

17 jan 2015 - 16:49

ONS Boso Snits ferlear de earste wedstriid nei de winterstop mei 4-0 fan Kozakken Boys. Op eigen fjild kamen de Snitsers nei 38 minuten spyljen op efterstân. ONS moast fierder sûnder Klaas de Vries, dy't blessearre rekke. Trije minuten foar it skoft sette Kozakken Boys de 2-0 op it boerd.

Nei rêst duorre it lang foardat de gasten út Werkendam de wedstriid definityf yn it slot smieten. Yn de 71e minút foel de 3-0, wêrnei't it ferset brutsen wie by ONS. Acht minuten foar de ein foel soarge de koprinner foar de einstân.

Trefwurden: 
Snits fuotbal ONS Boso Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)