Grutte Pier - de Brân al sa goed as útferkocht

© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De foarstelling fan it trijelûk 'Grutte Pier - de Brân' op 29 jannewaris yn Kimswert is yn ien dei sa goed as útferkocht. De foarferkeap gie sneontemoarn fan start. Fan de mei-inoar 1600 kaarten binne der al 1500 ferkocht en de lêste hûndert kaarten binne om trije oere online yn de ferkeap gien.
De pleats fan Grutte Pier wurdt neiboud foar de foarstelling en sil ek echt yn brân stutsen wurde. It giet dan ek om in ienmalich spektakel.