Sneontejûn presintaasje soarchplan Sionsberg

De inisjatyfnimmers fan de diskusje-byienkomst yn Dokkum oer de takomst fan de soarch yn Noardeast-Fryslân, wolle sneontejûn in konseptplan presintearje. Ynwenners, meiwurkers fan de eardere Sionsberg en oare belangstellenden krije sneon oerdei de kâns om harren winsken nei foaren te bringen by de soarchfersekerders en de nije eigeners.
Dy gearkomste is yn it Dockinga-college yn Dokkum. Fia in livestream op de site fan RTV Noordoost-Friesland kin eltsenien yn de regio de diskusje folgje.