Hûnderten prate en twitterje oer takomst Sionsberg

17 jan 2015 - 12:28

Sa'n 300 ynwenners, soarchferlieners en oare belutsenen prate sneon de hiele dei oer de nije soarch yn sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. Dizze saneande Sionsbergdei wurdt hâlden yn it Dockinga Kolleezje yn Dokkum.

De sintrale sessy kin sneontemiddei folge wurde op de website fan RTV Noordoost-Friesland. Ek op ferskate oare lokaasjes yn Noardeast-Fryslân wurdt drok meidiskussearre oer de takomst fan it Dokkumer sikehûs. Klaas de Jong, ien fan de organisatoren fan de dei, is healwei de dei al goed te sprekken oer de Sionsbergdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)