Syktocht yn Surhústerfean nei Snitser Gert Jan Luimstra

Yn Surhústerfean wurdt sneon socht nei de sûnt 6 jannewaris fermiste Gert Jan Luimstra fan Snits. Ferskate minsken soene him earder dizze wike sjoen hawwe yn Surhústerfean. De syktocht is sneontemoarn om 11 oere útein set. Famylje, freonen en oare belutsenen hoopje in spoar fan Luimstra te finen. In groep fan sa'n tweintich minsken begûn sneontemoarn oan de syktocht.
Sneontemiddei om ien oere begjint by de Lidl yn Surhústerfean in twadde groep.