Jonge (16) skopt en slacht plysjes yn Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht yn Drachten in jonge fan 16 jier út Ljouwert oppakt. Hy hie himsels mei in 16-jierrige freon opsletten yn de keamer fan dizze jonge yn in soarchynstelling oan de Hagewyk yn Drachten. De jonges hiene de doar barrikadeard en wegeren iepen te dwaan. De soarchynstelling skeakele de plysje yn.
Lang om let diene de jonges de doar iepen. De jonge út Ljouwert misledige de plysje en skopte en sloech ien fan de plysjes. Hy is meinaam nei it plysjeburo.