Lektuurhal krijt 23 eksimplaren Charlie Hebdo binnen

17 jan 2015 - 10:13

De Lektuurhal op De Kelders yn Ljouwert hat sneontemoarn dochs noch 23 eksimplaren fan it Frânske satiryske tiidskrift Charlie Hebdo binnenkrigen. Dat binne der 20 mear as dat ferwachte wie. Se binne al fersein, want by de Lektuurhal binne mei-inoar mear as 50 reservearringen pleatst.

De eigener fan de Lektuurhal seit dat de plysje it advys jûn hat om gjin media-oandacht te jaan oan de komst fan it tiidskrift yn ferbân mei drigings.

Trefwurden: 
Charlie Hebdo Lektuurhal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)