Reade Tried: Moatte boeren opdraaie foar skea troch mûzen?

19 jan 2015 - 05:59

Dat is de fraach hjoed yn de Reade Tried. Hjoed is der in mûze-aksje-dei op It Hearrenfean om te praten oer de skea dy't mûzen oanrjochtsje oan boerelân. Dy gearkomst soe earst yn It Haske op De Jouwer hâlden wurde, mar is ferpleatst nei it Abe Lenstra Stadion fanwege de grutte belangstelling. It ûnderwerp libbet dus by politisy en yn de agraryske sektor. Mûzen soargje foar skea en de grutte fraach is no... Moatte boeren dêrfoar finansjeel kompenseard wurde of falt soks ûnder it bedriuwsrisiko? Boeren freegje wol gauris om wat ekstra, bygelyks as it lang min waar is. Miskien logysk, mar oan de oare kant... Kempingeigeners dogge dat net as it in simmer lang reint. Dêrom de fraach:

Moatte boeren sels opdraaie foar skea troch mûzen?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)