Vadeko fusearre mei Domestic Prefab

16 jan 2015 - 15:36

De boubedriuwen Vadeko út Winsum en Domestic Prefab út Hoogeveen binne sûnt dit jier fusearre. Dat is freed bekend makke. It doel is om yn Winsum fierder te gean. Vadeko gie yn 2013 fallyt, mar makke koart dêrnei in trochstart.

De direksje fan it nije bedriuw wurdt foarme troch Wiebe Postma fan Vadeko en Mark Bakker fan Domestic Prefab. Sy wurde ek beide eigener. Ald-eigener Sierd van der Kooij fan Vadeko hat syn oandielen ferkocht. Postma ferwachtet dat it bedriuw yn in oanlûkende merk suksesfol wêze kin. Der wurkje sa'n 50 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)