Eigener achterfolget autodief yn Ljouwert

16 jan 2015 - 14:28

In 49-jierrige man út Hoorn is tongersdeitemiddei oppakt nei't er in auto stellen hie oan de Poolsterweg yn Ljouwert. De 31-jierrige eigener fan de auto seach hoe't de fertochte mei syn auto útnaaide. Hy pakte doe sels de auto fan syn heit en achterfolge de dief. Op it bedriuweterrein De Hemrik seach er de fertochte omrinnen. Doe't er meardere kearen frege wêr't syn auto wie, helle de dief de kaaien fan de auto ûnder in pear strûkjes wei. De auto waard úteinlik foar it hek fan in brêge weromfûn. De plysje koe de fertochte oanhâlde.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)