Fit Cambuur klear foar ADO Den Haag

Cambuur begjint sneon oan de twadde kompetysjehelte mei in útwedstriid tsjin ADO Den Haag. De folsleine seleksje is fit, útsein twadde keeper Harm Zeinstra dy't noch te folle hinder ûnderfynt fan in blessuere. Trainer Henk de Jong woe de opstelling noch net bekend meitsje. Benammen op it middenfjild kin hy kieze. Marlon Pereira start yn de basis. Dit giet ten koste fan Wout Droste. Bartholomew Ogbeche is fit en begjint ek yn de basis. Nije oanwinst Sinan Bytyqi begjint op de bank. Cambuur helle út de earste kompetysjehelte 26 punten. In rekôr.