Hydrowashr wint Water Alliance Innovation Stimulation Award

16 jan 2015 - 06:21

It wettertechnologybedriuw Hydrowashr út Ljouwert hat tongersdei de Water Alliance Innovation Stimulation Award wûn. It bedriuw krijt de priis foar de Hydrowashr. Dit is in útfining dy't tagelyk de hannen wasket en droeget nei in besite oan it húske. Dêrmei wurdt sawol wetter as enerzjy besparre.

De award waard útrikt op it sympoasium fan de Water Alliance yn it WTC yn Ljouwert. It is de twadde kear dat de Water Alliance dizze award útrikt. Ferline jier gong er nei it Snitser bedriuw BlueLeg Monitor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)