Jorrit Bergsma wol mei Sven Kramer starte op 5 kilometer

15 jan 2015 - 20:48

Jorrit Bergsma fynt it logysk dat hy én Sven Kramer beide oanwiisd wurde foar de fiif kilometer op it WK ôfstannen yn Thialf. Op dit stuit besjocht in seleksjekommisje fan de KNSB dy mooglikheid. Dat betsjut dan dat se foar dy ôfstân gjin kwalifikaasjewedstriden hoege te riden. De coach fan Kramer, Jac Orie, liet earder al witte dat er fûn dat Kramer yn alle gefallen oanwiisd wurde moat. Jorrit Bergsma is it dêr net mei iens as allinne Kramer oanwiisd wurdt. Yn dat gefal wol er der om ride. Nederlân hat twa startplakken foar de 5 km.

De seleksjewedstriden foar de WK ôfstannen stean foar 23 en 24 jannewaris op it programma, fan 12 oant 15 febrewaris is dan it WK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)