Fûgelwacht Grou bliid mei ein fan it aaisykjen

15 jan 2015 - 20:20

De fûgelwacht Grou is bliid mei de útspraak fan de Ried fan Steat oer it aaisykjen. Yn de maitiid fan 2014 gong in mearderheid fan de Grouster fûgelwacht leden akkoart mei de oprop om net mear te aaisykjen. Foarsitter Wiepke Hooghiemster hie leaver sjoen dat it Bûn fan Fryske Fûgelwachten sels ek ta dizze konklúzje kaam wie, mar it resultaat stiet de Grousters wol oan. Sy besykje noch hieltiten de diskusje oer it aaisykjen binnen de BFVW iepen te brekken, troch ek oare fûgelwachten te benaderjen.

Hooghiemster leaut net dat it bewiis dat nedich is om it aaisykjen neffens de Ried fan Steat wer tastien te krijen, te leverjen is. Hy fynt dat alle partijen no harren bêst dwaan moatte om fan de saneamde greidefûgelkonsintraasjegebieten in súkses te meitsjen.

Trefwurden: 
Grou ljip fûgelwacht aaisykjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)