Oebele Brouwer oan de slach as resjerzje-offisier

Oebele Brouwer is per 1 febrewaris beneamd ta resjerzje-offisier by it Landelijk Parket yn Rotterdam. Brouwer hat lang offisier fan justysje by de rjochtbank fan Ljouwert west. Oant no ta wie der yn Nederlân altyd ien resjerzje-offisier, no wurde dat der twa.
Oebele Brouwer sil dêrby benammen gearwurkje mei de regioparketten fan Arnhim, Grins, Haarlem en Amsterdam. In resjerzje-offisier hâldt him dwaande mei swiere kriminaliteit as terrorisme, djihadisme, drugsdelikten en motorbinden.
It giet dan benammen om it sammeljen fan ynformaasje om op basis dêrfan grutte saneamde 'ondermijningsonderzoeken' te begjinnen. Snein 18 jannewaris stjoert Omrop Fryslân yn it programma Buro de Vries in wiidweidich petear mei Oebele Brouwer út.