Dokkumer learlingen knappe kanon op

15 jan 2015 - 18:25

Learlingen fan de Boumanskoalle yn Dokkum sille in kanon út de midsieuwen opknappe. It kanon stiet op de hoeke fan it Parkster- en it Noarderbolwurk en is oan in grutte opknapbeurt ta. Foaral it houtwurk dêr't it kanon op stiet moat ferfongen wurde.

De learlingen fan de skoalle foar praktykûnderwiis sille de kommende moannen wurkje oan de restauraasje.

Trefwurden: 
Dokkum kanon Boumanskoalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)