Wittenskippers hâlde minsken mei demintens yn 'e gaten

15 jan 2015 - 17:21

In lanlike primeur by de Kwadrantgroep yn Drachten. Minsken mei demintens wurde hjir de kommende trije jier ekstra yn de gaten hâlden troch wittenskippers fan de Universiteit van Amsterdam. Se dogge mei yn in earste proeftún foar demintens yn Nederlân. Mei spesjale projekten wurdt besocht it libben fan dizze groep minsken draachliker te meitsjen.

Ien fan dy projekten is de ferhalebank. De wittenskippers freegje Friezen dy't te krijen hawwe mei demintens om harren ferhalen te dielen. Om sa mear ynsicht te krijen op ûntwikkelingen en de kwaliteit fan libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)