Studinten organisearje benefytdiner foar reis nei Nepal

15 jan 2015 - 17:04

Mei in benefytdiner besykje studinten fan de Friese Poort jild op te heljen foar in reis nei Nepal. Alve studinten fan de opliedings Technyk, Soarch en Wolwêzen sille yn febrewaris fjouwer wiken nei Nepal ta foar ûnder oare de bou en ûnderhâld fan sanitêre foarsjennings. Ek wurde der ferskate learprojekten opsetten. Sa wurdt der foarljochting jûn oer gebitsfersoarging en wurde der aktiviteiten opset foar de opfang fan bline bern.

Om genôch jild op te heljen foar de reis wurdt der tongersdei in benefytdiner hâlden yn restaurant NU yn Drachten. Se hoopje sa 1500 euro op te heljen. It folsleine restaurant is folboekt. Allegear bedriuwen wurkje belangeleas mei oan it diner. Earder organisearren de studinten al in lesmaraton fan 24 oeren en waard der koeke ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)