Reade tried: Wat makket in ûnderwizer bysûnder?

Sa bysûnder dat je eins net misse kinne of koene, sa'n ien dy't je nea wer ferjitte sille. Master Germ fan de Burgerskoalle yn Dokkum is hjoed foar it lêst. Alden hiene him wol hâlde wollen, mar it bestjoer fan de skoalle tocht der oars oer. Eltsenien wit fan no of út it ferline grif in master of juf dy't yndruk makke. Fanwege de humor, it fermogen om je te motivearjen of om in hiel oare reden. Dy ferhalen wolle we graach hearre!
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.