Mei seremoanje ôfskied naam fan SAR-helikopters

Kommissaris John Jorritsma hat it ministearje fan Definsje tongersdei yn in brief bedankt foar it jierrenlange pasjinteferfier fan de Waadeilannen. De SAR-helikopters hawwe de ôfrûne 55 jier sa'n 5500 pasjinten nei sikehuzen oan de fêste wâl brocht.
Op de fleanbasis yn Ljouwert wie tongersdeitemiddei de seremoanje by it ûntbinen fan de SAR-ienheid. It 303 skwadron, in oare ienheid van Definsje, sil de kommende tiid it ferfier dwaan. Per 1 july nimt it Regionaal Ambulance Vervoer Fryslân it ferfier mei in eigen helikopter oer.
Dêrmei binne SAR-helikopters definityf ferdwûn fan de fleanbasis yn Ljouwert.