KNSB ûndersiket dielname Kramer èn Bergsma oan 5 km

De KNSB lit in seleksjekommisje ûndersykje oft Sven Kramer en Jorrit Bergsma mooglik beide oanwiisd wurde kinne foar de fiif kilometer op it WK ôfstannen yn Thialf, kommende moanne. Dat betsjut dan dat se op dy ôfstân gjin kwalifikaasjewedstriden hoege te riden.
De coach fan Kramer, Jac Orie, sei tongersdei yn de Telegraaf dat er fûn dat Kramer yn alle gefallen oanwiisd wurde moat. Mar ek Jorrit Bergsma makket troch syn prestaasjes gading om pleatst te wurden. Sa as de regels no binne, is der is mar foar ien rider in oanwiisplak.
Dit wykein moat der mear dúdlikheid komme oer it oanwizen fan Sven Kramer en Jorrit Bergsma. De seleksjewedstriden foar it WK ôfstannen steane 23 en 24 jannewaris op it programma. It eintoernoai is fan 12 oant 15 febrewaris yn Thialf.