Museum Martena yn Frjentsjer krijt bysûndere skilderijen

15 jan 2015 - 11:25

Museum Martena yn Frjentsjer hat fan keunstskilder Pieter Pander in skilderij krigen. It giet om it wurk mei de namme Kerk Uil, dat de keunstskilder yn 2013 makke. Op it skilderij is de binnenkant fan de Martinitsjerke út Frjentsjer te sjen en wurdt ek it monumint foar professor Nerdenus ôfbylde.

Ek krige it museum fan in partikuliere samler in santjinde-ieusk lânkip skildere troch de Fryske skilder Jacobus Sibrandi Mancadan. Mancadan wurdt sjoen as ien fan de wichtichste lânskipsskilders fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)