Twa ferwûnen by ûngelok op fiadukt by Oerterp

15 jan 2015 - 06:44

By in ûngelok op in fiadukt oer de N381 by Oerterp binne woansdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. In motorrider en in auto kamen op it fiadukt de Opgong mei-inoar yn botsing. Neist twa ambulânses waard ek de traumahelikopter oproppen.

Om't de helikopter net op it plak fan it ûngelok komme koe, moast er in eintsje fierderop lânje. De dokter waard troch de plysje ophelle. Beide ferwûne slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)