Minsken Dantumadiel krije ferkearde brief húshâldlike help

In pynlike fout fan de gemeente Dantumadiel soarge woansdei foar grutte skrik by minsken mei húshâldlike help. Sa'n 250 ynwenners krigen in brief fan de gemeente dêr't yn stie dat der in ein komme soe oan dy help. De brief soarge foar in soad ûnrêst.
Der wie lykwols in flater makke: de brieven wienen foar ynwenners fan de gemeente Ferwerderadiel, mar troch in flater yn it systeem kamen se dêr dus net. Neffens wethâlder Roelof Bos fynt de gemeente it hiel slim wat der bard is en wurdt der tongersdei in brief mei ekskuzen ferstjoerd.