Plysje Snits siket eigeners fan sieraden
De plysje fan Snits siket de eigeners fan sieraden. Oan de Woudfennen op De Jouwer is in partij sieraden fûn. De plysje tinkt dat it guod stellen is. Op de facebookside fan de Snitser plysje stean foto's fan de sieraden.