Histoarikus: "Sykferbod kin ein fan ljipaaisykjen wêze"

It beslút fan de Ried fan Steat kin wolris de ein betsjutte fan it ljipaaisykjen yn Fryslân. Dat tinkt histoarikus en skriuwer Pieter Breuker. Hy tinkt dat it in hiele drege put wurdt foar de provinsje om oan te toanen dat it ljipaaisykjen gjin ynfloed hat op de stân fan de ljippen. Benammen om't neffens him it probleem fan de weromgong yn it oantal ljippen earne oars leit.
Breuker kaam tsien jier lyn ek yn it nijs doe't hy by in earder sykferbod minsken oprôp om gewoan it lân yn te gean.