Brommerrider skept yn Ljouwert

14 jan 2015 - 17:26

In brommerrider is woansdeitemiddei ferwûne rekke op de Stasjonswei yn Ljouwert. It slachtoffer kaam yn botsing mei in auto en is mei in ambulânse nei sikehûs it MCL brocht. Troch it ûngelok stie der in file op de Stasjonswei yn de rjochting fan de Oostergoowei.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)