Twadde Keamer wol ûndersyk nei wynmûnen by Ofslútdyk

De Twadde Keamer hat tiisdeitejûn mei minister Kamp praat oer it wol of net pleatsen fan wynmûnen by de Ofslútdyk lâns. De Twadde Keamer wol dat de minister dy mooglikheid nochris ûndersiket. De minister wol eins fêsthâlde oan it plan foar in rútfoarmich wynmûnepark yn de Iselmar. Boppedat sit der tiidsdruk op it beslútfoarmingstrajekt, de minister wol yn it earste fearnsjier fan 2015 in definityf beslút nimme.
Ferskate partijen hawwe moasjes yntsjinne. De PvdA frege de minister om de Ofslútdyk-opsje nochris te ûndersykjen.