Fermiste Gert-Jan Luimstra sjoen yn Surhústerfean

14 jan 2015 - 13:43

De 38-jierrige Gert-Jan Luimstra fan Snits, dy't sûnt in wike fermist wurdt, is sjoen yn Surhústerfean. De plysje hat trije tips krige. De man is moandei sjoen yn in hoareakasaak en tiisdei by in bakkerij yn it doarp. Ek woansdei is de Snitser wer sjoen yn Surhústerfean.

Luimstra is sûnt ferline wike tiisdei fuort. In grutte syktocht mei hûnen, boaten en in helikopter hat neat opsmiten. Ek fia de sosjale media binne oproppen dien. De plysje freget minsken dy't de Snitser sjogge fuortendaliks kontakt op te nimmen mei de plysje.

In boargernetaksje yn Surhústerfean hat woansdeitemiddei gjin nije ynformaasje opsmiten oer de fermiste Luimstra. Oan de boargernetaksje ha 550 minsken meidien.

Foar de famylje fan de fermiste Gert-Jan Luimstra binne it drege tiden. It wachtsjen falt de famylje swier, meldt de dûmny en wurdfierder fan de famylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)