Faunabeskerming bliid mei útspraak oer aaisykjen

De Faunabeskerming is bliid mei de útspraak fan de Ried fan Steat oangeande it ljipaaisykjen. De ûntheffing fan de provinsje is net jildich. Der moat better ûndersyk dien wurde nei de ljippestân.
De feriening is al mear as tritich jier dwaande om it ljipaaisykjen mei rjochtsaken oan te fjochtsjen. De provinsje krijt noch de gelegenheid om in nije ûntheffing te ferlienen mar moat dêrfoar oan tal fan betingsten foldwaan. Neffens Niesen sil dit jier nei alle gedachten net aaisocht wurde, mar garânsjes foar takom jier binne der net.