Stroomsteuring by De Gordyk

Liander © ANP
Yn de buert fan De Gordyk is woansdei oan de ein fan de moarn in stroomsteuring ûntstien. Neist dit doarp sitte ek de ynwenners fan bygelyks Jobbegea, Lippenhuzen, Nijhoarne en De Tynje sûnder stroom. It giet mei-elkoar om hast 12.000 húshâldens en bedriuwen.
Netbehearder Liander ferwachtet dat de stoaring om healwei twaen wer oplost wêze sil. De oarsaak fan de stoaring is net bekend.