Omrop ferfilmet winnende ferhaal fan Fryske skriuwwedstryd

De Fryske ferhalewedstryd fan it Skriuwersboun hat dit jier in bysûndere priis: it winnende ferhaal wurdt ferfilme troch Omrop Fryslân. It tema is dit jier 'Lêste kâns' en is ynspirearre op it Maria-Louise-jier. Dit jier is it 250 jier lyn dat Marijke Muoi ferstoar. De prinsesse wurdt sjoen as de stammem fan ús hjoeddeistige keningshûs. De ferhalewedstryd hat as doel om jong of nij skriuwtalint in poadium te jaan. De bêste trije ferhalen wurde publisearre yn it FD.
It ferhaal fan maksimaal 735 wurden moat foar 10 febrewaris ynstjoerd wurde.
De ynstjoerings wurde anonym hifke. De winner wurdt tongersdei 26 maart yn Bynt bekend makke. De ferfilming is yn juny yn fjouwer parten yn Bynt te sjen.
Mear ynformaasje oer de ferhalewedstryd yn Bynt op woansdeitejûn en op de webside www.skriuwersboun.nl.