Friezen fiele har noch wol feilich nei oanslaggen yn Parys

© ANP
De oanslaggen yn Frankryk hawwe wol ynfloed op it gefoel fan feilichheid yn ús lân, mar toch fiele wy ús noch hiel feilich. EenVandaag hat dêr in enkête oer hâlden. Fan de Friezen fielt 92 prosint fan alle minsken him noch altyd hiel feilich, mar in lytse 40 prosint fielt him wol in bytsje minder feilich as foar de oanslaggen. Op de fraach oft men in oanslach troch radikale moslims ferwachtet, antwurdet mear as de helte fan de Friezen mei ja.
Yn ús provinsje fynt ek 63 prosint dat de bestriding fan ynternasjonaal terrorisme ta skea gean mei fan de privacy fan boargers.