Fytsers kontrolearre op fytse mei ljocht

De plysje hat tiisdeitejûn op De Jouwer 32 fytsers oanhâlden, omdat se sûnder ljocht fytsten. By de grutte kontrôle binne 233 fytsers kontrolearre. De aksje is dien mei de Nederlandse Fietsersbond.
De minsken dy't sûnder ljocht fytsten, koene kieze tusken in bekeuring of de oanskaf fan fytslampkes foar twa euro. Alle 32 fytsers keazen foar de lampkes, dy't troch meiwurkers fan it fytsersbûn fuortendaliks monteard binne. De kontrôle wie ûnderdiel fan de lanlike kampanje 'ik wil je zien'.