Fytser ferwûne yn Rûgehuzen
Yn Rûgehuzen is in 74-jierrige man út Sleat tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. It slachtoffer fytste op de Coenderssingel en krige dêr gjin foarrang fan in 18-jierrige automobiliste út de gemeente De Fryske Marren. It slachtoffer kaam te fallen en bruts dêrby in skonk, hy is nei it sikehûs yn Snits brocht.