BFVW: djip teloarsteld oer útspraak Ried

Rendert Algra fan it BFVW seit djip teloarsteld te wêzen oer de útspraak fan de Ried fan Steat. Hy hie dizze útspraak folslein net ferwachte.
De Ried fan Steat hat woansdei sein dat de ûntheffing fan de provinsje foar it sykjen en meinimmen fan ljipaaien net jildich is en dat foarearst net socht wurde mei. Sneon is in ekstra ledegearkomste foar de leden fan it Bûn Fryske Fûgelwachten.