Wenoffinsyf krijt ferfolch yn 2015

Ek dit jier wurdt in Wenoffinsyf organisearre. Sa jout de provinsje mei gemeenten, makelers en oare organisaasjes yn de bousektor de wenningmerk in ekstra ympuls. Ferline jier wie it wenoffinsyf foar it earst en doe wie it in sukses.
Woansdei is de ôftraap foar de edysje fan 2015. De provinsje hat 65 miljoen euro beskikber foar it ferbetterjen fan de wenningmerk. It wenoffinsyf is dêr in ûnderdiel fan. Wa't yn dy perioade in hûs oant 245.000 euro keapet, krijt foardielen, lykas in liening foar duorsumens en jild foar renovaasje.
De aksje is dit jier tusken 28 maart en 30 april.