Offisjeel startskot foar lêste farferbining Snits

De gemeente Súdwest-Fryslân giet woansdei los mei de oanlis fan it lêste stikje fan de farferbining yn Snits. It giet om it gebiet tusken De Geau en de Wâldfeart, it útgraven fan de feart by de A7 del. Mei de oanlis fan de A7 troch Snits wie mei de provinsje en it Ryk ôfpraat dat der by alle ynfalsdiken yn Snits in wettergong komme soe. Op dizze wize wurdt dúdlik makke dat Snits in wetterstêd is. De gemeente ferwachtet dat Snits sa mear wettertoeristen lûke sil.
De farferbining moat yn de simmer fan 2015 klear wêze.