Ireen Wüst al wis fan WK ôfstannen op 3000 meter

Ireen Wüst © awfoto.nl
Ireen Wüst hat har earste startbewiis foar it WK ôfstannen, mids febrewaris yn Thialf, al binnen. Op de 3000 meter hoecht de Olympysk kampioene op dizze ôfstân gjin seleksjewedstriid te riden. Wüst is troch de seleksjekommisje langebaan oanwiisd. Wüst waard it ôfrûne wykein yn Tsjeljabinsk foar de fjirde kear Europeesk kampioen.
It kommende wykein is it NK sprint yn Grins. De bêste trije riders en rydsters op de 500 en 1000 meter pleatse har dêr foar it WK ôfstannen. Foar de oare ôfstannen is de seleksje op 23 en 24 jannewaris yn Thialf.