Gjin maatregels Hearrenfean tsjin iepen dei Soccerdome

Boargemaster Tjeerd van der Zwan nimt foarearst gjin maatregels tsjin de oankundige iepen dei fan Soccerdome op It Hearrenfean. It yndoar fuotbalsintrum is ynrjochte op it yndustryterrein, mar der is noch gjin fergunning om ek echt iepen te gean. Dat betsjut eins dat ek de iepen dagen dy't it Soccerdome op 24 en 25 jannewaris hâlde wol net meie.
En hoewol't de gemeente dêr no yn it foar fan op de hichte is, sille der neffens boargemaster Van der Zwan dochs gjin maatregels naam wurde.
Wol sil efterôf besjoen wurde oft der ek echt regels oertreden binne. As dat it gefal is dan sil der in twangsom oplein wurde.