Nijjiersresepsje fan ferskate ynstellings Hearrenfean

13 jan 2015 - 19:50

In soad organisaasjes en ynstellings fan It Hearrenfean holden tiisdei mienskiplik harren nijjiersresepsje yn it Posthús Teater. Undernimmers- en middenstânsferienings, de lokale hoareka, Thialf. Eins hast alles wat der yn it Friesche Haagje ta docht, sis mar. Utsein Sportklup Hearrenfean. Dy hâldt woansdei sels noch in resepsje.

By de nijjiersresepsje fan tiisdei presintearren de organisaasjes har ûnder de sammelnamme 'Heerenveen, 'n Gouden Plak'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)