Kennedymars yn Wâlterswâld dit jier oer nije rûte

13 jan 2015 - 19:30

Der komt dit jier wer in Kennedymars. De kuiertocht fan 80 kilometer yn Noardeast-Fryslân sil hâlden wurde op freed 28 en sneon 29 augustus. Ferline jier gie de mars by Wâlterswâld net troch. De organisaasje fûn it net fertroud om de dielnimmers nachts op paad te stjoeren. Fanwege it wurk oan de Sintrale As wie der sprake fan in grutte bouput by Wâlterswâld.

De achtste edysje fan de Kennedymars sil oer in folslein nije rûte rinne. Fan 1 maart ôf kin der online ynskreaun wurde. Der is ek in nije webside makke.

Ynformaasje oer ôfstannen en rûtes is te finen op www.kennedymarsfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)